Aginda oersjoch

29 maart

Linda de Haan yn de Afûk-winkel

Linda de Haan (skriuwster en yllustratrise) hat krekt in prachtich nij boek makke mei de titel ‘Ik wol in bosk op ‘e jierdei!’ En op (Goed)freed 29 maart komt se by ús yn de Afûkwinkel del om út it boek foar te lêzen. Spesjaal foar bern fan 4 oant 7 jier. Ek wurde der moaie aktiviteit mei de bern organisearre. Komsto ek? It is fergees! Meld dy hjir oan. It boek is hjir online te bestellen.
Tiid: fan 14.00 oant 15.00 oere. Lokaasje: Afûkwinkel, Boterhoek 3 yn Ljouwert.

29 maart 1 april

Oanpaste iepeningstiden Peaske 2024

Om de Peaske hinne binne der oanpaste iepeningstiden fan de Afûk boek- en kadowinkel.
> Freed 29 maart – 10.00 – 17.00 oere (Goedfreed)
> Sneon 30 maart – ticht
> Snein 31 maart – ticht (earste peaskedei)
> Moandei 01 april – ticht (twadde peaskedei)

2 april

BBA by temawike op JKC Oldenije

JKC de Oldenije is in jenaplanskoalle yn Ljouwert. De Berneboeke-ambassadeur sil der hinne yn harren temawike ‘Wat is leven?’ om foar te lêzen út de Fryske literatuer, meartaligens yn te bringen yn it projekt en fansels om de bern oan it wurk te setten!

4 april

Praat mar Frysk Taalpraatsje – mei Dieuwke fan heit&mem

Stim ôf op Omrop Fryslân Radio en harkje om 15.10 oere nei it Taalpraatsje fan Praat mar Frysk. Yn it programma ‘Goeiemiddei’ hearst dan de leukste nijtsjes en ynteressante tips oer it Frysk. Bygelyks oer de betsjutting of eftergrûn fan in bepaald wurd, oer nije apps, boeken, projekten en aktiviteiten, oer optredens fan bygelyks skriuwers of dichters, oer it brûken fan it Frysk troch bedriuwen en organisaasjes en noch in hiel soad oare ûnderwerpen. Harkje mar! Hjoed is Dieuwke yn de útstjoering mei nijs en nijsgjirrichheden oer (berne)boeken en heit&mem.

8 april

BBA op De Populier yn Makkum

Hjoed sil de Berneboeke-ambassadeur foarlêze en fertelle op OBS De Populier yn Makkum en meie de learlingen har fragen stelle. De skoalle hat in lêskiste besteld, dus der is genôch ynspiraasje om mei te wurkjen hjoed! En fansels sille de learlingen sels ek oan de slach mei it meitsjen fan in ferhaal.

9 april

BBA yn sjuery provinsjale finale foarlêswedstriid

Hjoed is it in hiel spannende dei fuor guon learlingen. Sy meie nammentlik in stik út in moai berneboek foarlêze by de provinsjale finale fan de nasjonale foarlêswedstriid! De Berneboeke-ambassadeur is ien fan de sjueryleden hjoed yn de Gordyk. Wa fan dizze Fryske foarlêskampioenen giet troch nei it folgjende poadium?

10 april

BBA op De Pipegaai yn Warkum

De Berneboeke-ambassadeur giet hjoed del by groep 5/6 fan De Pipegaai, in Jeelo-skoalle: ‘Je Eigen Leeromgeving’. Op sa’n skoalle wurkje se mei seis projekten yn it jier. ‘Feilich helpe’ is op dit stuit it tema. Ambulance, EHBU en sa fierder komme oan bod. Yn alle fakken, dus ek by it Frysk. De bern meie hjoed sels in ferhaal skriuwe by it ûnderwerp!

11 april

Praat mar Frysk Taalpraatsje – mei Sito fan Praat mar Frysk

Stim ôf op Omrop Fryslân Radio en harkje om 15.10 oere nei it Taalpraatsje fan Praat mar Frysk. Yn it programma ‘Goeiemiddei’ hearst dan de leukste nijtsjes en ynteressante tips oer it Frysk. Bygelyks oer de betsjutting of eftergrûn fan in bepaald wurd, oer nije apps, boeken, projekten en aktiviteiten, oer optredens fan bygelyks skriuwers of dichters, oer it brûken fan it Frysk troch bedriuwen en organisaasjes en noch in hiel soad oare ûnderwerpen. Harkje mar! Hjoed is Sito yn de útstjoering.

11 april

Bildts Diktee troch Stichting Bildts Aigene

Stichting Bildts Aigene organisearret op tongersdei 11 april in ‘Bildts diktee’. “Soa starigan is ’t Bildts diktee ’n faste tradisy worren: alle jaren is elkeneen fan harte welkom om met te doen an ’t útdagende maar ok gesellige Bildts Diktee. De kinnis fan ’t skriven in de Bildtse taal wort op de proef steld. Alle jaren is d’r weer ’n ânder die’t ’t diktee skriift en die persoan sorgt d’r fansels ok foor dat d’r wat falkúllen insitte…” Lokaasje: “The Friezinn” yn ’e Westhoek.
Tidens it kafee/diktee sil Omrop Fryslân opnames meitsje foar in 12-dielige rige oer ferskillende Fryske Taalfarianten.

16 april

BBA op besite by De Spreng yn Drachten

De Berneboeke-ambassadeur sil del by de groepen 5, 6, 7 en 8 fan basisskoalle De Spreng yn Drachte3n. In skoalle mei in grutte taalrykdom. De learlingen sprekke hjir neist it Frysk en Nederlânsk tal fan oare talen. Ris sjen oft wy in grutte taalbeam opsette kinne hjoed!

18 april

Praat mar Frysk taalpraatsje: fergetten wurden

Yn it programma ‘Goeiemiddei’ op Omrop Fryslân Radio besprekt Mirjam Vellinga alle moannen in bysûnder of fergetten Frysk wurd. Wat bestjut it wurd? Hoe waard of wurdt it brûkt? Wêr komt it wei? Brûke wy no oare wurden en kinne wy dit wurd miskien wer op ‘e nij yntrodusearje? Hjoed is it om plm. 15.10 oere wer tiid foar in nij fergetten Frysk wurd! Nijsgjirrich nei de wurden dy’t al behannele binne? Sjoch dan op ús side ‘fergetten wurden‘.

18 april

BBA op IBS it Pertoer yn Weidum

Hjoed reizget de Berneboeke-ambassadeur by de klassen del op IBS it Pertoer yn Weidum. Yn groep 3/4, 5/6 en 7/8 sil sy foarlêze en fertelle en meie de learlingen fragen stelle. En fansels sille de bern ek oan ‘e slach mei it meitsjen fan in ferhaal.
De Berneboeke-ambassadeur komt fergees ek by jimme del! Sjoch op de website foar mear ynformaasje.

18 april

Lettertreffen fan City of Literature

Op tongersdei 18 april organisearret Ljouwert UNESCO City of Literature de twadde edysje fan Lettertreffen, in gearkomste foar de literêre sektor yn Fryslân. City of Literature praat dy middei útjouwers, biblioteken, boekhannels, literêre tydskriften, skriuwers en stypjende organisaasjes by oer harren plannen en litte sprekkers oan it wurd oer sichtberens en gearwurking. Nei in plenêr part kin der yn dielsesjes trochpraat wurde. Lokaasje: De Westertsjerke yn Ljouwert. Kosteleas oanmelde kin hjir.

22 april

Berneboeke-ambassadeur by Firda yn Dokkum

Op it ROC Firda yn Dokkum wolle learlingen letter yn harren wurk bern foarlêze. Hoe dochst dat it bêste? En welke boeken binne der eins beskikber? De BBA jout tips & tricks. Ek binne de learlingen hiel nijsgjirrich hoe’t in boek no eins makke wurdt, ek dêrop hat de BBA – dy’t ek skriuwer is – in antwurd hjoed.

23 april

BBA by Fryske Dei op it vmbû De Gordyk

De Burgemeester Harmsmaskoalle op ‘e Gordyk hat hjoed De Fryske Dei. En de Berneboeke-ambassadeur is derby. Sy sil de dei feestlik iepenje. Oanslutend jout se in fleurige, kreative workshop oan alle fiif de brêgeklassen. De Berneboeke-ambassadeur ek ris útnûgje? Tialde komt fergees by jimme del!

25 april

Praat mar Frysk Taalpraatsje – mei Tineke fan Praat mar Frysk

Stim ôf op Omrop Fryslân Radio en harkje om 15.10 oere nei it Taalpraatsje fan Praat mar Frysk. Yn it programma ‘Goeiemiddei’ hearst dan de leukste nijtsjes en ynteressante tips oer it Frysk. Bygelyks oer de betsjutting of eftergrûn fan in bepaald wurd, oer nije apps, boeken, projekten en aktiviteiten, oer optredens fan bygelyks skriuwers of dichters en noch in hiel soad oare ûnderwerpen. Harkje mar! Hjoed is Tineke yn de útstjoering oer it brûken fan it Frysk troch bedriuwen en organisaasjes en oer Frysk op ‘e dyk .

2 maaie

Praat mar Frysk Taalpraatsje – mei Dieuwke fan heit&mem

Stim ôf op Omrop Fryslân Radio en harkje om 15.10 oere nei it Taalpraatsje fan Praat mar Frysk. Yn it programma ‘Goeiemiddei’ hearst dan de leukste nijtsjes en ynteressante tips oer it Frysk. Bygelyks oer de betsjutting of eftergrûn fan in bepaald wurd, oer nije apps, boeken, projekten en aktiviteiten, oer optredens fan bygelyks skriuwers of dichters, oer it brûken fan it Frysk troch bedriuwen en organisaasjes en noch in hiel soad oare ûnderwerpen. Harkje mar! Hjoed is Dieuwke yn de útstjoering mei nijs en nijsgjirrichheden oer (berne)boeken en heit&mem.

16 maaie

Praat mar Frysk taalpraatsje: fergetten wurden

Yn it programma ‘Goeiemiddei’ op Omrop Fryslân Radio besprekt Mirjam Vellinga alle moannen in bysûnder of fergetten Frysk wurd. Wat bestjut it wurd? Hoe waard of wurdt it brûkt? Wêr komt it wei? Brûke wy no oare wurden en kinne wy dit wurd miskien wer op ‘e nij yntrodusearje? Hjoed is it om plm. 15.10 oere wer tiid foar in nij fergetten Frysk wurd! Nijsgjirrich nei de wurden dy’t al behannele binne? Sjoch dan op ús side by ‘fergetten wurden‘.

23 maaie

Praat mar Frysk Taalpraatsje – mei Tineke fan Praat mar Frysk

Stim ôf op Omrop Fryslân Radio en harkje om 15.10 oere nei it Taalpraatsje fan Praat mar Frysk. Yn it programma ‘Goeiemiddei’ hearst dan de leukste nijtsjes en ynteressante tips oer it Frysk. Bygelyks oer de betsjutting of eftergrûn fan in bepaald wurd, oer nije apps, boeken, projekten en aktiviteiten, oer optredens fan bygelyks skriuwers of dichters en noch in hiel soad oare ûnderwerpen. Harkje mar! Hjoed is Tineke yn de útstjoering oer it brûken fan it Frysk troch bedriuwen en organisaasjes en oer Frysk op ‘e dyk.

30 maaie

Praat mar Frysk Taalpraatsje – mei Dieuwke fan heit&mem

Stim ôf op Omrop Fryslân Radio en harkje om 15.10 oere nei it Taalpraatsje fan Praat mar Frysk. Yn it programma ‘Goeiemiddei’ hearst dan de leukste nijtsjes en ynteressante tips oer it Frysk. Bygelyks oer de betsjutting of eftergrûn fan in bepaald wurd, oer nije apps, boeken, projekten en aktiviteiten, oer optredens fan bygelyks skriuwers of dichters, oer it brûken fan it Frysk troch bedriuwen en organisaasjes en noch in hiel soad oare ûnderwerpen. Harkje mar! Hjoed is Dieuwke yn de útstjoering mei nijs en nijsgjirrichheden oer (berne)boeken en heit&mem.

3 juny 5 juny

BBA by Fryske Wike op IKC Trianova

It is ‘Fryske wike’ op IKC Trianova yn Ljouwert. De Berneboeke-ambassadeur sil del by alle 10 de groepen. Se nimt alle tiid per groep foar promoasje fan de Fryske boeken troch in grutte steapel boeken mei te nimmen en fansels om foar te lêzen!

6 juny

Praat mar Frysk Taalpraatsje – mei Sito fan Praat mar Frysk

Stim ôf op Omrop Fryslân Radio en harkje om 15.10 oere nei it Taalpraatsje fan Praat mar Frysk. Yn it programma ‘Goeiemiddei’ hearst dan de leukste nijtsjes en ynteressante tips oer it Frysk. Bygelyks oer de betsjutting of eftergrûn fan in bepaald wurd, oer nije apps, boeken, projekten en aktiviteiten, oer optredens fan bygelyks skriuwers of dichters, oer it brûken fan it Frysk troch bedriuwen en organisaasjes en noch in hiel soad oare ûnderwerpen. Harkje mar! Hjoed is Sito yn de útstjoering.

26 juny 27 juny

BBA op skoalle De Nijewier yn Tjalleberd

Mei it fak Frysk oan de slach op skoalle, dat is allegearre nij. En net elkenien behearsket it Frysk. SWS De Nijewier yn Tjalleberd giet derfoar! Ien fan de dingen dy’t se dogge, is de Berneboeke-ambassadeur útnûgje. Tialda komt dizze dagen del by alle bouwen om taal en ferhaal boartlik te ferkennen en tegearre te genietsjen fan de rykdom fan it (foar)lêzen.

27 juny

Praat mar Frysk Taalpraatsje – mei Dieuwke fan heit&mem

Stim ôf op Omrop Fryslân Radio en harkje om 15.10 oere nei it Taalpraatsje fan Praat mar Frysk. Yn it programma ‘Goeiemiddei’ hearst dan de leukste nijtsjes en ynteressante tips oer it Frysk. Bygelyks oer de betsjutting of eftergrûn fan in bepaald wurd, oer nije apps, boeken, projekten en aktiviteiten, oer optredens fan bygelyks skriuwers of dichters, oer it brûken fan it Frysk troch bedriuwen en organisaasjes en noch in hiel soad oare ûnderwerpen. Harkje mar! Hjoed is Dieuwke yn de útstjoering mei nijs en nijsgjirrichheden oer (berne)boeken en heit&mem.

8 oktober

BBA op de Blinker yn Boalsert

It is wer 10 dagen lang Kinderboekenweek, hoera! ‘Lekker eigenwijs’ is it tema fan dit jier. Op de Daltonskoalle yn Boalsert sil de Berneboeke-ambassadeur dêrom oandacht ha foar dy eigenwiize Gysbert Japixc, dy’t sa ûnmisber west hat foar de Fryske taal! Tialda sil fertelle en foarlêze en fansels kinne bern har wer allerhande fragen stelle.